Klaas Geert Bakker nije haadredakteur Omrop Fryslân

15 jan 2015 - 12:45

Klaas Geert Bakker wurdt de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân. De 48-jierrige Bakker hat romme ûnderfining opdien by sawol regionale as lanlike omroppen. Op it stuit wurket hy by RTV Rijnmond yn Rotterdam as adjunkt-haadredakteur. Earder wurke Bakker by RTV Noord-Holland as adjunkt-haadredakteur en as einredakteur radio, tv en ynternet. Ek wie er wurksum by de TROS, de Wereldomroep en RTV Oost.

Klaas Geert Bakker hat Fryske roots, syn âlden komme beide út Fryslân. Sels is er berne yn Emmeloord. Bakker begjint op 1 april yn Ljouwert.

Mei syn oanstelling komt in ein oan in perioade fan tydlike haadredakteuren by de Omrop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)