"Sven Kramer moat oanwiisd wurde foar 5 km op WK ôfstannen"

15 jan 2015 - 11:43

Sven Kramer moat oanwiisd wurde foar dielname oan de fiif kilometer op it WK ôfstannen yn febrewaris. Dat seit syn coach Jac Orie yn de Telegraaf. It reedrydbûn KNSB hat earder al witte litten dat Ireen Wüst foar de trije kilometer oanwiisd wurdt. Dat betsjut dat se op dy ôfstân gjin kwalifikaasjewedstriden hoecht te riden.

Neffens Orie hat Kramer dit seizoen sjen litten dat er oanwiisd wurde moat om't er bygelyks it NK ôfstannen wûn hat en de wrâldbekerwedstriden op de fiif kilometer.

Arie Koops fan 'e KNSB lit yn in reaksje oan de Telegraaf witte dat it in dreech ferhaal wurdt om Kramer oan te wizen, omdat foar de fiif kilometer ek Jorrit Bergsma gading makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)