De Fryske Marren ûndersiket lokaasjes foar asylsikers

© ANP - Marco de Swart
It AZC dat yn de gemeente De Fryske Marren komme sil, bliuwt der op syn minst fiif jier stean en sil plak biede oan maksimaal fiifhûndert flechtlingen. Dat stiet yn it Plan fan Oanpak fan de gemeente. Op dit stuit is de gemeente De Fryske Marren dwaande mei in lokaasje-ûndersyk yn en by trije plakken: Balk, De Jouwer en De Lemmer.
Nei oare plakken yn de gemeente wurdt net sjoen. Ein jannewaris wurdt de útkomst fan it lokaasje-ûndersyk bekend.
Der wurdt nei in lokaasje socht, neidat yn desimber de komst fan in AZC nei Riis ôfkitste. Riis wie te lyts foar de komst fan in AZC mei fiifhûndert asylsikers.