Grutte beam by it stasjon fan Ljouwert om troch hurde wyn

De stoarm fan de ôfrûne nacht hat net foar in protte skea soarge yn Fryslân. De measte beammen hawwe de swiere wynstjitten goed trochstien. Allinnich in byldbepalende beam foar it stasjon yn Ljouwert moast belies jaan. De beam fan inkele tsientallen meters heech is folslein omwaaid.
De gemeente hat tongersdeitemoarn fuortdaliks personiel ynset om de beam op te romjen.