Brief oer thússoarch ek net foar ynwenners Ferwerderadiel

De flater mei de brief oer de thússoarch dy't woansdei op 'e matte foel by minsken yn Dantumadiel, wie ek net bedoeld foar de ynwenners fan Ferwerderadiel. Dat seit de gemeente. Ynwenners fan Ferwerderadiel krigen op 5 jannewaris al in brief fan de gemeente oer it al of net krijen fan húshâldlike help.
Dizze brief is by fersin op 'e nij brûkt troch de kommunikaasje-ôfdieling ek stjoerd nei ynwenners fan Dantumadiel en Dongeradiel. Bedoeling wie om ynwenners fan dizze beide gemeenten in brief te stjoeren oer de bysûndere bystân.
Mar oan dizze adressen is de ferkearde brief keppele. It is dus net sa dat minsken yn Ferwerderadiel no noch in brief ferwachtsje kinne. Ynkoarten krije de ynwenners fan Dongeradiel en Dantumadiel de goede brief yn 'e bus oer de bysûnder bystân.
Sûnt 1 jannewaris dit jier wurdt de kommunikaasje fan de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân op ien ôfdieling regele. Dêrom wie it mooglik dat de gemeente Dantumadiel in brief fan Ferwerderadiel ferstjoere koe.