Fuotsje-aksje úteinset yn Dongeradiel

14 jan 2015 - 19:37

De plysje en de gemeente Dongeradiel binne woansdei wer úteinset mei de fuotsje-aksje. Dêrby gean beide partijen by wenningen del om te kontrolearjen oft dizze goed ôfsletten binne. Is dat net sa, dan litte se in wyt fuotsje efter.

Yn Dongeradiel binne woansdei huzen yn de binnenstêd fan Dokkum, Fûgellân, Hoedemakkerspolder en in part fan Dokkum-Noard besocht. Mei de aksje wol de plysje minsken der bewust fan meitsje dat ynbrekkers hiel maklik yn 'e hûs komme kinne as it net goed ôfsletten is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)