Aaisikers ha noed oer neisoarch nei útspraak oer aaisykjen

14 jan 2015 - 17:01

Foar in soad aaisikers komt de útspraak fan de Ried fan Steat fan woansdei as in klap yn it gesicht. Se ha noed dat it ferbod op it meinimmen fan aaien de neisoarch skea dwaan sil. Binnen de wrâld fan aaisikers komt ek mear en mear de rop om de aaien lizze te litten.

Neffens de útspraak moat de provinsje oantoane dat it goed giet mei de ljip, oars mei dit jier net ljipaai socht wurde. De Faunabeskerming hie in saak oanspand tsjin de provinsje tsjin de ûntheffing foar it ljipaaisykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)