D66 wol polityk werom by minsken bringe

14 jan 2015 - 16:43
  • D66

Friezen moatte tenei yn it foar belutsen wurde by besluten dy't it provinsjebestjoer nimt. De polityk moat sa wer weromkomme by de minsken. Dat is ien fan de punten dêr't D66 mei de provinsjale ferkiezings fan 18 maart yngiet. De partij presintearre woansdei syn program. D66 wol dat gemeenten ek opsjitte mei de weryndieling. As se dat net dogge, dan grypt de provinsje yn.

D66 hopet by de kommende ferkiezings op in ferdûbeling fan it tal sitten. Op it stuit ha se twa yn Provinsjeale Steaten.

Ek wol de partij wat dwaan oan it probleem fan minsken dy't net goed lêze of skriuwe kinne. Yn Fryslân binne dat sa'n lytse 100.000 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)