Ljouwerter pakt nei stellen fan lokfyts
In 37-jierrige Ljouwerter is woansdeitemiddei betrape op it stellen fan in fyts. De fertochte hat by it NS-stasjon yn de stêd in saneamde lokfyts fan de plysje meinaam. De plysje koe de man nei de stellerij oppakke. Hy sit noch fêst.