Nij winkelsintrum yn Gytsjerk wer stap tichteby

De gemeente Tytsjerksteradiel hat it winkelsintrum yn Gytsjerk oernaam fan in partikulier. De bou fan in nij winkelsintrum komt sa in stap tichteby. No't de gemeente eigener is, kinne ûndernimmers yn it besteande winkelsintrum maklik oergean op nijbou.
Al mear as 18 jier wurdt yn de Trynwâlden praat oer in nij winkelsintrum. Oan de ein fan it jier moat it nije winkelsintrum der stean. As der gjin beswieren komme, dan sil de earste peal binnen trije moannen de grûn yn.