Plysje sil aaisikers kontrolearje op meinimmen aaien

14 jan 2015 - 16:01

Aaisikers dy't yn de maaitiid dochs de greiden yn gean om ljipaaien te sykjen, krije in flinke bekeuring. Plysje en spesjale kontroleurs sille tasjen dat der gjin aaien yllegaal meinommen wurde. It is in gefolch fan de útspraak fan de Ried fan Steat dy't de ûntheffing fan de provinsje ûnjildich ferklearre.

Kontroleurs fan de FUMO, de mienskiplike organisaasje fan Fryske gemeenten foar miljeufergunnings en miljeuhanthavening, sille it grutste part fan de kontrôles útfiere. It Iepenbier Ministearje makket út hoefolle oft betelle wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)