Reade tried: Der mei dit jier net nei ljipaaien socht wurde

15 jan 2015 - 05:59
  • Reade tried

Dat is de stelling hjoed yn de Reade Tried. De Ried fan Steat hat it foarearst ferbean. De ûntheffing fan de provinsje foar it sykjen en meinimmen fan aaien is net jildich. Fansels, der folget noch protest fan de minsken dy't wol sykje wolle, mar sa't it no liket, mei it dit jier net. Wat fine jo derfan? Is it slim dat in tradysje miskien wol ferlern giet? Is it noch wol fan dizze tiid? Wêrom moat neisoarch perfoarst keppele wurde oan it meinimmen fan aaien? Of binne jo it iens mei de Faunabeskerming dy't seit dat it echt net goed is foar de fûgelstân?

Der mei dit jier net nei ljipaaien socht wurde... Wat fine jo dêrfan?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)