Julius Magnusson nei SC Hearrenfean

Julius Magnusson nei SC Hearrenfean
SC Hearrenfean hat woansdei oerienstimming berikt mei in nije spiler. It giet om de 16-jierrige Julius Magnusson fan Vikingur Reykjavik. De Yslânske middenfjilder tekenet in kontrakt foar 2,5 jier mei de Fryske klup. Magnusson spilet yn it nasjonale alvetal foar ûnder de 17 jier en slút him oan by de A1-seleksje fan SC Hearrenfean.