Diskusje oer nachtlike ynset fan Harnzer misthoarn

14 jan 2015 - 12:59
  • Misthoarn

Yn Harns is op 'e nij diskusje oer de misthoarn. De hoarn wie stikken en soe net ferfongen wurde. Mar ûnder oare nei in hantekenaksje is besletten de misthoarn dochs weromkomme te litten. No is de diskusje oft de hoarn noch wol nachts te hearren wêze moat.

Yn de Harnzer krante stiene ferskate ynstjoerde stikken fan minsken dy't wekker lizze troch it lûd fan de hoarn. De boargemaster seit nei te tinken oer de ynset fan de misthoarn. Mar neffens havenmaster Frits Grijpstra bliuwt de hoarn ek nachts nedich foar de feilichheid fan skippen.

De misthoarn wurdt ynsetten by min sicht, sadat skippen sûnder radarapparatuer dochs feilich de haven fine kinne. De Harnzer hoarn komt begjin dit jier werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)