Jubileum Marsumer iisklup wachtet op reedriderswaar

14 jan 2015 - 12:35
  • IIsbaan Marsum
  • IIsbaan Marsum
  • IIsklup Marsum

IIsklup Ritsuma út Marsum wol graach it 100-jierrich bestean fan de feriening fiere mei echt reedriderswaar. De aktiviteiten dy't de feriening dit jubileumjier foar eagen hienen, falle foarearst folslein yn it wetter. De feriening hie tastimming om it iepen FK Shorttrack te organisearjen as der iis lizze soe. Ek wol de feriening graach mei belsliden it iis op.

It jubileum is al in jier útsteld om't de feriening foarich jier al 100 jier bestie. De mylde winter fan ferline jier soarge doe ek al foar problemen.

Neffens foarsitter Lourens Herrema komt it echte winterwaar mooglik pas ein jannewaris of febrewaris. Hy hâldt hoop foar de aktiviteiten fan de iisklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)