Grutte ferskillen yn wetterstân troch hurde wyn

De hurde westewyn fan de lêste dagen soarget foar grutte ferskillen yn de wetterstân. Yn de súdwesthoeke is de wetterstân yn de Fryske boezem hiel leech, mar yn de noardeasthoeke stiet it wetter krekt hiel heech. Wetterskip Fryslân ferwachtet dat rjochting it wykein it wetterpeil oant 10 sintimeter boppe it akseptabele peil útkomt. Dêrnei sakket it wetter wer.
Troch de hurde wyn kin gjin wetter spuid wurde nei de Waadsee, dêrom is it Hooglandgemaal by Starum ek yn bedriuw. De ferwachting is dat tongersdei by Lauwerseach wer spuid wurde kin.