Stichting Vastgoed Pasana fallyt ferklearre

14 jan 2015 - 10:48

De rjochtbank hat it fallisemint útsprutsen fan de Stichting Vastgoed Pasana, de eigener fan de gebouwen fan de âldereinsoarch fan Pasana en fan sikehûs De Sionsberg. Neffens de kuratoaren hat de útspraak gjin gefolgen foar de hierders fan de gebouwen. Sy wolle no sa gau mooglik oerlizze mei hierders, ferhierders en banken om de saak ôf te wikkeljen.

Foardiel fan it fallisemint is dat it no makliker is om ûnderdielen fan de Pasana Zorggroep te ferkeapjen.

Yn it eardere fallisemint fan novimber ferline jier bleau de Vastgoedstichting noch bûten it fallisemint, mar it bestjoer hat sels oanfrege om dy ek fallyt ferklearje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)