Ried fan Steat: ljipaaisykjen mei foarearst net

14 jan 2015 - 10:25

It is mar de fraach oft it ljipaaisykjen dit jier trochgiet. De ûntheffing fan de provinsje foar it sykjen en meinimmen fan ljipaaien is net jildich. De Ried fan Steat sei dit woansdei yn in útspraak yn de saak dy't de Faunabeskerming oanspande tsjin de ûntheffing. Deputearre steaten hie in ûntheffing ferliend oan it Bûn Fryske Fûgelwachten foar it sykjen en meinimmen fan in beheind tal ljipaaien dy't oant en mei 2015 jilde.

Neffens de Ried moat de provinsje mear ûndersyk dwaan nei de ljippestân en oantoane dat it goed giet mei de ljip.

Salang't dat ûndersyk net dien is, mei net aaisocht wurde. De ûntheffing foar it ljipaaisykjen wie ôfjûn om't it offisjeel ferbean is. Fanwege de tradysje wie de ûntheffing ferliend op grûn fan de Floara- en Faunawet. Yn 2013 mochten 6.307 aaien socht wurde en yn 2014 wie dat 5.939. Foar dit jier wie noch gjin oantal fêststeld.

De folsleine útspraak stiet op de webside fan de Ried fan Steat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)