Ynleverjen fan lean by NDC-mediagroep fan de baan

14 jan 2015 - 07:40

Utjouwerij NDC Mediagroep hat it fersyk oan it personiel om 5% lean yn te leverjen ynlutsen. It plan om op dy wize ûntslaggen foar te kommen, is juridysk net helber. By de útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden moatte 105 banen ferdwine om in fallisemint te ûntrinnen.

It nije plan is dat de meiwurkers fan in wurkwike fan 38 oeren weromgean nei 36 oeren. Dat hat allinnich genôch effekt as 80% fan alle meiwurkers hjir yn meigiet. De direksje fan de NDC wol hjir foar 1 febrewaris dúdlikheid oer hawwe.

Trefwurden: 
ûntslaggen NDC Mediagroep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)