Psycholooch en psychiater by rjochtsaak Bonny&Clyde

Antonio van der P. en Enise B. © Plysje Noard-Nederlân
De psycholooch en psychiater fan it Pieter Baan Sintrum sille heard wurde yn de rjochtsaak tsjin Antonio van der Ploeg fan De Harkema en syn freondinne Enise. Dat hat de rjochtbank yn Assen tiisdei bepaald. It duo wurdt fertocht fan in rôftocht yn febrewaris ferline jier en ferskillende pogingen ta moard. De fertochten waarden úteinlik yn in Dútsk hotel oanhâlden. It rapport fan it Pieter Baan Sintrum ropt de nedige fragen op. De offisier fan justysje hat dêrom om de oanwêzigens fan de saakkundigen frege. Dat is no tastien.
De behanneling is yn de earste wike fan maart.