Frachtwein yn de sleat by Surch

13 jan 2015 - 22:27

In frachtwein is tiisdeitejûn yn de sleat telâne kaam njonken de N31 by Surch. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de wein yn de berm. De sjauffeur koe it gefaarte net mear op de dyk krije en kaam yn de sleat telâne.

De sjauffeur is mei de skrik frijkaam. Om de frachtwein wer út de sleat te heljen is de dyk foar it part tydlik ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)