Oanpak waadseedyk by Lauwerseach kostet tsien miljoen

Grutte stikken waadseedyk tusken Swarte Hoanne en Lauwerseach foldogge net mear oan de wetlike feiligheidseasken fan it heechwetter beskermingsprogramma. It giet om fjouwer stikken op in trajekt fan sa'n 13 kilometer. Der is neffens it wetterskip gjin gefaar foar de befolking, mar dochs moat neffens de noarmen de beklaaiïng fan de dyk oanpakt wurde.
It is in ynvestearring fan mear as 10 miljoen euro.