Twa miljoen euro subsydzje foar ynnovative projekten

It provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De provinsje stelt goed twa miljoen euro subsydzje beskikber foar tolve ynnovative projekten yn Fryslân. It jild komt út it programma Fryslân Fernijt IV. Ek it ministearje fan Ekonomyske Saken en it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân betelje mei. Ien fan de projekten dêr't jild hinne giet is de ûntwikkeling fan in medysk helpmiddel om naadlekkaazje by termtumor-operaasjes te foarsizzen.
Ek is der jild foar it ferbetterjen fan de brânnettelteelt en foar in projekt om te soargjen dat der minder antibioatika brûkt wurdt yn de melkfeehâlderij.
Oanfragen foar subsydzje kinne fan 2 febrewaris oant 13 maart yntsjinne wurde.