Webside mei tips oer hoe't je jild besparje kinne

13 jan 2015 - 19:15

Ynwenners fan de gemeente Ljouwert kinne fergees gebrûk meitsje fan it digitale Geldplan Beter Rondkomen fan it Startpunt Geldzaken. Dit is in online aksjeplan en jout tips om better om te gean mei jild.

Fia de webside leeuwarden.startpuntgeldzaken.nl kinne tips besjoen wurde oer hoe't je besparje kinne op bygelyks klean of ferfier. Ek wurde op de site fersekeraars en enerzjy-oanbieders mei mekoar fergelike. Doel is om minsken te helpen om de finânsjes yn balâns te bringen en te hâlden.

It Startpunt Geldzaken is in inisjatyf fan ûnder oaren it Nibud en de Feriening Eigen Hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)