"Haven Harns moat selsstannich wurde"

13 jan 2015 - 17:26

It bedriuwslibben fan Harns is foar de ferselsstanniging fan de haven fan Harns. No is it havenbedriuw noch fan de gemeente Harns. De ferselsstanniging stiet yn it koälysjeakkoart en it earste ûndersyk dêrnei is no klear. Dêr docht út bliken dat der genôch draachflak is by it bedriuwslibben en dat it havenbedriuw winst jaan kin.

Op dit stuit draait it havenbedriuw noch mei ferlies, al hat de haven wol in goed jier achter de rêch. De oerslach fan guod is mei sân prosint tanaam en it tal konteners mei mear as de helte neffens 2013.

Boppedat hawwe fiskers folle mear garnalen oan lân brocht en is it tal cruiseskippen dat yn Harns west hat, tanaam fan 35 yn 2013 nei 57 ferline jier.

Trefwurden: 
Harns haven selsstannich
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)