Sikehûs De Tsjongerskâns nominearre

© Omrop Fryslân
Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean is nominearre foar de titel 'bêste sikehûs en bêste keuken. De jierlikse priis wurde útrikt troch de stichting Veiligvoedsel.nl. It is net foar it earst dat it sikehûs yn 'e beneaming komt. Ferline jier wûn De Tsjongerskâns yn de kategoryen bêste sikehûs en bêste soarchôfdieling. Beide kearen gie it om de itensfeilichheid.
Mei-inoar dogge hast 550 soarchlokaasjes en ôfdielingen mei. Mei de prizen wol de stichting omtinken jaan oan feilich en hygiënysk wurkjen yn ynstellings en sikehuzen