Keapsnein ropt ferdielde reaksje op yn Ljouwert

13 jan 2015 - 13:07

De gemeenterie fan Ljouwert sil oer in pear wike op 'e nij te set oer de winkeltiden yn Ljouwert. Diskusjepunt is benammen de sneins-iepenstelling. De ûndernimmers tinke dêr ûngelyk oer. Tsjinstanners sizze dat it in te swiere ynset freget. Se hawwe it personiel net en it smyt gjin ekstra omset op. Foarstanner sjogge wol de mooglikheden en ekstra ynkomsten.

Yn de Ljouwerter polityk liket in lytse mearderheid foar in strukturele keapsnein te wêzen. Om't der noch in soad fragen binne, is it beslút foarearst útsteld.

Trefwurden: 
Ljouwert keapsnein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)