Meubels fan twadde ferdjipping op Weaze smiten

13 jan 2015 - 11:01

In 38-jierrige man út Ljouwert is moandeitemoarn op de Weaze oppakt om't er fan de twadde ferdjipping fan in kantoar meubels nei bûten ta smiten hie. It guod lei tehavene en stikken op strjitte. Yn it gebou fûn de plysje de Ljouwerter. Hy lei te sliepen op in bank. De man wie yn 'e war. Hy is nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
Ljouwert kantoar Weaze meubels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)