Man rydt sûnder jildich rydbewiis: selstraf easke

13 jan 2015 - 07:34

In 53-jierrige automobilist út Tsjummearum is moandei op de Wâldwei trappearre op riden sûnder jildich rydbewiis. De man waard by Garyp oan de kant set. De plysje hie it rydbewiis fan de man earder al ynnaam foar in oertreding. Om't de man op 'e nij de fout yngie, wol it Iepenbier Ministearje dat de automobilist no twa wike de sel yn giet.

De straf heart by in nije oanpak fan it Iepenbier Ministearje. Sûnt dit jier wurde ferkearsoertrêders folle stranger straft, benammen minsken dy't geregeld de fout yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)