Gemeenten Noardeast-Fryslân stelle weryndieling jier út

12 jan 2015 - 23:00

In gemeentlike weryndieling fan Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel is net helber foar 1 jannewaris 2019. Dêr gean de fjouwer kolleezjes fan boargemaster en wethâlders fan út. It plan wie om foar 2018 te begjinnen mei in mooglike weryndieling. De gemeenten wurkje fan 1 jannewaris ôf op amtlik nivo gear.

It personiel giet op 1 jannewaris 2016 oer en dat betsjut dat der net genôch tiid mear is om alles goed evaluearje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)