Mear earrebarren yn Fryslân

12 jan 2015 - 19:21
  • Earrebarre

It tal earrebarren yn Nederlân nimt ta en dat jildt ek foar Fryslân. Ofrûne wykein binne 579 teld, mar de sechstich dy't by earrebarredoarp De Graverij by Eagmaryp omrinne, sitte dêr noch net by.

Dat hieltyd mear earrebarren oerwinterje yn Fryslân hat te krijen mei de noflike winters, genôch fretten en de fokprogramma's dy't de ôfrûne jierren fertuten dien hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)