Sikehûs De Tsjongerskâns wurket gear mei húsdokters

12 jan 2015 - 19:08

Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean sil gearwurkje mei húsdokterspraktiken yn 'e regio. It sikehûs sil meiwurkers fan de húsdokters ynstruksje jaan hoe't se omgean moatte mei apparatuer om hertritmesteurnissen fêst te stellen. De ôfdieling kardiology fan De Tsjongerskâns sil de ynstruksjes by de húsdokters fersoargje.

It giet om in projekt fan foarearst in jier. Dêrnei wurdt besjoen oft it trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)