Klokken Martinitsjerke hingje wer op harren fertroude plak

12 jan 2015 - 17:24

De karakteristike tsjerkeklokken fan de Martinitsjerke yn Snits hingje wer op harren fertroude plak. In oannimmer út Brabân hat moandei de hiele dei dwaande west mei it weromhingjen fan de klokken. Oan 'e ein fan de middei koene de klokken wer let wurde.

It wie in dreech putsje foar de oannimmer om de klokken, dy't hast in heale meter grut binne, wer op it âlde plak te krijen. De klokken waarden ferline jier juny út it klokkehûs helle en restaurearre yn Dútslân. De klokken komme út de midsieuwen en der sieten lytse skuorkes yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)