Hieltyd mear minsken litte harren iten thús besoargje

12 jan 2015 - 14:23
  • De koks fan it bedriuw Smakelijk yn Ljouwert

De merk fan thúsbesoargers fan iten is yn in pear jier tiid ferdûbele. Yn 2014 siet de omset hast op 1 miljard euro. Dan giet it net allinnich om bygelyks shoarma- en pizzakoeriers, mar hieltyd mear om folsleine mielen. In wichtige doelgroep is de âlderein, dy't hieltyd langer selsstannich thúswenjen bliuwt.

Ek partikulieren en bedriuwen dêr't personiel oerwurkje moat, witte it paad nei de thúsbesoargers te finen. It bedriuw Smakelijk yn Ljouwert fernimt de groei en ferhuzet meikoarten nei in nij gebou, dêr't in keuken en winkel yn komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)