Fúzjegemeenten Westergo krije eigen logo

12 jan 2015 - 14:11

De gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en Littenseradiel hawwe in nij logo meitsje litten foar de nije fúzjegemeente Westergo. Fan 1 jannewaris 2018 ôf fusearje de earste trije gemeenten en fjouwer doarpen fan Littenseradiel mei-inoar.

It logo sil brûkt wurde foar nijsberjochten oer de fúzje. It ûntwerp lit in logo sjen dat noch 'ûnder konstruksje' is. It giet dan ek om in tydlik logo. As de nije gemeente offisjeel fan start giet en de nije namme bekend is, wurdt der in definityf ûntwerp makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)