2015 wurdt in krúsjaal jier foar Fryske boubedriuwen

It jier 2015 wurdt in krúsjaal en dreech jier foar in soad boubedriuwen. Dat blykt út ûndersyk fan it Finansjeel Deiblêd. Wylst de berjochten binne dat it mei de bou wer wat better giet, is it saneamde fet op de bonken by de boubedriuwen fuort.
De bedriuwen hawwe in flinke hap fan de reserves brûkt om oerein te bliuwen yn de krisisjierren. En dat makket boubedriuwen no kwetsber yn in noch hieltyd drege merk, ek yn Fryslân. De kâns dat der yn 2015 in tal Fryske boubedriuwen omfalle sil is grut, ferwachtet Marten Cornel fan Bouwend Nederland.
Yn de partikuliere bouwrâld giet it in bytsje better. Mar fanút gemeentes en it bedriuwslibben komme op dit stuit te min opdrachten. De bou-aktiviteiten yn Fryslân lykje wol aardich grut troch yn it each springende projekten lykas de Sintrale As, de Heak om Ljouwert en de iisstadions op It Hearrenfean en yn Ljouwert. Mar dat is gesichtsbedroch, seit Cornel. In echte ferbettering fan de merk sjocht hy dit jier noch net.