Tsjûge betrapet Ljouwerter ynbrekker

12 jan 2015 - 11:51
  • Oanhâlding

Troch in tip fan in alerte tsjûge hat de plysje moandeitemoarn betiid in 35-jierrige man út Ljouwert oanhâlde kind. De Ljouwerter wie nei alle gedachten op ynbrekkerspaad. In tsjûge seach hoe't de man omspoeke op de Euterpestrjitte yn Ljouwert en warskôge de plysje. Dy fûn de fertochte yn de boskjes en soe de man meinimme nei it buro. De Ljouwerter naaide lykwols út, mar koe rap foar in twadde kear oanholden wurde.

Yn de bûsen fan de man fûn de plysje ynbrekkersark. It wenningynbraketeam docht noch fierder ûndersyk nei de fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)