Einekoai Skylge rêden fan dyktrochbraak

Troch rap yngripen hawwe frijwilligers en eigeners dit wykein in dyktrochbraak by de einekoai op Skylge witten foar te kommen. De fjouwer bûtendykse einekoaien lizze oan de eastkant fan it eilân. Heech wetter en hurde wyn soargen derfoar dat it terrein drige ûnder te strûpen.
Benammen yn de nacht fan sneon op snein gie it need en moast der mei man en macht wurke wurde om foar te kommen dat it sâlte wetter de koai ynrûn. Om trije oere nachts hawwe frijwilligers en eigeners yn it spier west mei sânsekken om de slimste lekkaazje tsjin te gean.
Neffens koaiker Piet Smit hie de dyk sa trochbrekke kind, om't er kompleet fol siet mei seewetter.