4000 euro ynsammele op benefytkonsert foar Fier Fryslân

12 jan 2015 - 08:24
  • Frouljusopfanggebou Veilige Veste fan Fier Fryslân yn Ljouwert

It benefytkonsert en diner fan de Soroptomistklup Fryslân hat 4000 euro opsmiten foar Fier Fryslân. It konsert fûn snein plak yn de tsjerke oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Under lieding fan Frans Douwe Slot joegen ferskate priiswinners fan it Prinses Christina Konkours Noard-Nederlân in optreden.

It ophelle bedrach is oerlange oan Anke van Dijke, de direkteur fan Fier Fryslân. It jild wurdt brûkt foar de oankeap fan digibuorden en buorterstastellen foar it nije Centrum Kinderhandel Menselhandel (CKM) fan Fier yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)