Fryslân hat rûch wykeinwaar achter de rêch

It hat in rûch wykein west wat it waar oanbelanget. In hurde, stoarmige wyn yn kombinaasje mei heech wetter yn Harns en oan de kust. Dat betsjut ek dat op tal fan plakken yn Fryslân de situaasje goed yn de gaten hâlden waard. Bygelyks by de haventsjinst yn Harns, mar ek it wetterskip wie drok dwaande om it hege wetter ôf te fieren.
De kûpuere by Harns wie dit wykein ticht. En dan binne der fansels noch minsken dy't hiel ticht by de see wenje, lykas op de Slûswei by Koarnwertersân. Ek foar de kommende dagen wurdt der noch rûch waar foarsein.