Undernimmers biede petysje oan tsjin keapsneinen Ljouwert

12 jan 2015 - 07:01

Ljouwerter ûndernimmers biede moandeitejûn in pear hûndert hantekeningen oan oan wethâlder Henk Deinum. De aksje is rjochte tsjin de plannen om de keapsnein struktureel te meitsjen. No binne der 22 keapsneinen yn it jier, mar as it oan it kolleezje fan Ljouwert leit wurde dat der 52. De winkellju sjogge dat lykwols net sitten en komme yn opstân.

Neffens de ûndernimmers kinne de winkels net alle wiken sân dagen iepen wêze, om't se it personiel dêr net foar hawwe. Ek soe der net mear omset draaid wurde as de winkels alle dagen iepen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)