Dykbewaking op Skiermûntseach en It Amelân

11 jan 2015 - 08:44

Op Skiermûntseach en It Amelân is sneontejûn let dykbewaking ynsteld. Wetterskip Fryslân hat dat dien omdat it wetterpeil nei alle gedachten boppe de trije meter útkomme soe. Op It Amelân berikte it wetter úteinliks in peil fan 3.25 meter boppe NAP, op Skier 3.08 meter boppe NAP.

De hege wetterstân hat net gefaarlik west. Wol spielde der by Skier guod oan by de seekearing. Dat wurdt earst ein fan de wike fuorthelle omdat it Wetterskip ferwachtet dat der fan 'e wike noch mear guod oanspielt fanwege it stoarmige waar.

Op Skylge spielde in seehûn oan. Dy swimt yntusken wer yn see.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)