Djoer ferlies LDODK, SCO stunt tsjin DOS '46

10 jan 2015 - 21:48

LDODK is der yn Maarssen yn de kuorbal league net yn slagge om OVVO te ferslaan. Nei in stroef begjin, de thúsploech naam in 8-3 foarsprong, kaam de ploech fan Jan Sjoerd Pool better yn de wedstriid. Healwei wie de stân yn it foardiel fan LDODK: 11-8. Yn de twadde helte liet it skot de ploech yn 'e steek. Foar OVVO wie it 'derop en deroer'. Einstân 20-17.

Haadklasser SCO soarge yn Wolvegea foar in stunt. Koprinner DOS '46, noch sûnder puntferlies, koe mei in 19-15 ferlies werom nei Nijeveen. Earder dit seizoen wûn DOS '46 noch mei 24-15.

By LDODK wie it opfallend dat topskutter Erwin Zwart net op it skoareformulier kaam. Troch it ferlies is LDODK foarlêst yn de league. SCO stiet no op in dield tredde plak yn de haadklasse A.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)