Sven Kramer pakt mei baanrekôr de 5000 meter op it EK

Sven Kramer © awfoto.nl
Sven Kramer hat op de 5000 meter by it EK allround yn Tsjeljabinsk sjen litten dat er nei in minne 500 meter noch lang net ferslein is. Mei in winnende tiid fan 6.17.32 (baanrekôr) makke er in protte goed. Op de 5000 wie it twadde plak foar syn ploechmaat Wouter olde Heuvel mei 6.22.32, Sverre Lunde Pedersen waard tredde yn 6.22.98. Nei de earste dei giet Koen Verweij oan de lieding. Hy waard fjirde op de 5 km yn 6.23.86. Op de 1500 meter moat Kramer snein 0.53 sekonde goedmeitsje. Wouter olde Heuvel is tredde nei de earste dei.