Mooglik matchfixing SC Hearrenfean-Standard Luik

10 jan 2015 - 16:25

De KNVB nimt kontakt op mei SC Hearrenfean om te freegjen wat der krekt bard is yn de wedstriid tsjin Standard Luik. Neffens trainer Dwight Lodeweges is der mooglik sprake fan matchfixing. Yn de oefenwedstiid krigen de Belgen trije strafskoppen. Doe't Standard de tredde strafskop miste, mochten se dy nochris dwaan. Dêrop stapten de spilers fan Hearrenfean lulk fan it fjild ôf.

De KNVB sil oan de hân fan it petear mei SC Hearrenfean beslute oft der in ûndersyk komme sil.

By matchfixing wurdt mei in útslach manipulearre sadat guon minsken der better fan wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)