Riedslid Súdwest-Fryslân Ömer Kaya hâldt op

10 jan 2015 - 16:03

Ömer Kaya hâldt op as riedslid fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Kaya leit syn funksje op 22 jannewaris offisjeel del. De PvdA-er kin syn wurk as riedslid net kombinearje mei syn oare wurksumheden.

Kaya wie sûnt 2006 aktyf yn de Fryske polityk. Earst as riedslid fan Snits, dêrnei as steatelid en no wer as riedslid. Syn plak yn de rie fan Súdwest-Fryslân wurdt oernaam troch Anne Jochum de Vries út Poppenwier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)