Sábliková wint 3000 meter; Wüst oan de leiding

10 jan 2015 - 15:12
  • Ireen Wüst

Ireen Wüst is twadde wurden op de 3000 meter op it EK allround yn Tsjeljabinsk. Dêrmei giet de reedrydster noch altyd oan de lieding yn it algemien klassemint. Martina Sábliková wûn de trije kilometer mei in tiid fan 4.05.23, in baanrekôr. Dik twa sekonden der efter einige Wüst as twadde. Op de 1500 meter foar snein hat Wüst no 1.33 sekonde foarsprong op Sábliková.

Linda de Vries en Jorien Voorhuis einigen op de 3000 meter as tredde en fyfde. De Vries stiet yn it klassemint no ek tredde. Voorhuis stiet sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)