Helpaksje foar troch brân dupearre ynwenner De Himrik

In helpaksje moat de dupearre Klaas Sikkema fan De Himrik wer wat fuotten ûnder it gat jaan. De weinwein dêr't Sikkema yn wenne, baarnde ferline wykein ta de grûn ta ôf. Hysels koe der krekt op 'e tiid mei de hûn út komme.
Sikkema hat grutte problemen, omdat er net fersekere is. Dat wie net mooglik, omdat er yn de skuldsanearring sit. Freonen en buertbewenners fine dat der no help komme moat. Jelma Hettinga regelet dat. Minsken dy't in wenwein oer hawwe, kinne Hettinga belje op 0512 - 30 37 48.