Foarearst gjin dykbewaking Fryske kust

10 jan 2015 - 14:11

Wetterskip Fryslân stelt foarearst gjin dykbewaking yn oan de Fryske kust. De stoarmige wyn soarget wol foar hege wetterstannen, mar dy binne net heech genôch om bewaking yn te stellen. By Harns is it 2,70 meter en pas by 3 meter wurdt de wacht hâlden op de diken. Wol is it wetterskip ekstra wach, om't it waar wikselfallich is en de sitewaasjes gau feroarje kin.

De Holwerter daam is sneontenacht ticht út foarsoarch.

Yn ferbân mei it waar binne de dûkers by Flylân sletten. Rykswettersteat ferwachtet yn de nacht fan sneon op snein tusken 00.00 en 02.00 de heechste wetterstân. Op it stuit is der net folle oan de hân neffens Rykswettersteat, mar de situaasje wurdt by Harns, Lauwerseach, Holwert en Flylân troch technyske adviseurs wol goed yn de gaten hâlden. By hurde wynstjitten kin it sa no en dan foarkomme dat brêgen yn de provinsje net betsjinne wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)