Ireen Wüst begjint mei winst op EK reedriden

10 jan 2015 - 12:30

Ireen Wüst is it EK allround reedriden begûn mei winst op de 500 meter. Yn it Russyske Tsjeljabinsk ried se 39.24. De Noarse Ida Njatun waard twadde yn 39.66, Yuliya Skokova fan Ruslân tredde yn 39.72. De oare Nederlânske froulju, Linda de Vries en Jorien Voorhuis, waarden fiifde en sânde. Martina Sábliková, de grutte konkurrint fan Ireen Wüst, waard sechsde yn 40.06. Letter op 'e dei ride de froulju noch de 3000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)